73.000 euro by Serieus Verzoek

23 des 2013 - 06:35

Radio NL dj's Taeke Woude, Hessel Wijkstra en Marcel de Vries ha mei harren maratonútstjoering Serieus Verzoek yn Snits in bedrach fan goed 73 tûzen euro ophelle foar it Glêzen Hûs yn Ljouwert. Mear as 150 Nederlânske artysten reizgen de ôfrûne dagen nei Snits om op te treden yn de maratonútstjoering.

Under oare Wolter Kroes, LA The Voices, Henk Wijngaard en Thomas Berge dienen mei. Moandei sille de Snitser dj's it bedrach oerhannigje yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)