SCO ferrast tsjin Groen Geel

22 des 2013 - 16:14

De kuorballers fan SCO ha poerbêste saken dien yn de haadklasse B. Groen Geel út Wormer, foar it begjin fan de wedstriid de nûmer twa, waard mei 25-23 ferslein. Healwei hiene de kuorballers fan Aldeholtpea in romme foarsprong: 16-10. Yn sporthal de Steense fan Wolvegea wie SCO yn de twadde helte in skoftlang skotleas. Groen Geel helle yn oant 16-14. Dêrnei kaam de doelpuntemasine fan de thúsploech wer op gong.

SCO stiet no boppe de degradaasjestreek, mar de ferskillen bliuwe lyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)