Follybal Snits kwartfinalist
De follybalsters fan Snits binne kwartfinalist (de lêste acht) yn it bekertoernoai. It team fan Petra Groenland wûn sneontejûn yn Borne mei 3-1 fan Ecare Apollo 8. De setstannen tsjin it team út de topdivyzje wiene: 29-31, 28-26, 20-25 en 16-25.
Snits treft no de follybalsters fan Utrecht, in ploech út de earste divyzje.