Ferlies Flyers yn fjochtpartij

22 des 2013 - 14:29

De UNIS Flyers ha nei de stunt mei de winst op koprinner Tilburg (4-1), de punten lizze litten yn België. Herentals wie op it eigen iis mei 3-2 te sterk. Troch twa skoares fan Craig Voakes wûn Herentals de earste perioade. Yn de twadde perioade foelen der gjin goals. Sander Dijkstra brocht yn de lêste perioade de spanning werom yn in wedstriid dy't hieltyd grimmitiger waard.

Nei de 3-1 fan Jens Engelen begûn it strafminuten te reinen. Shawn Collymore soarge foar de twadde Flyer treffer. De wedstriid einige yn in grutte knokpartij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)