Gytsjerk: ynbrekker fuortjage

22 des 2013 - 14:03
  • Ynbraak

Bewenners fan in hûs oan de Gytsjerksterhoeke hawwe yn de nacht fan sneon op snein in ynbrekker fuortjage. De bewenners waarden sneintemoarn om healwei seizen hinne wekker fan in ynbrekker. De man bedrige de bewenner (49) en syn frou (43) mei in bierfleske. De frou spuite de ynbrekker fliespray yn de eagen, wêrnei't de man de wenning útflechte.

Ut it hús binne sieraden en jild stellen. De plysje hat noch om de ynbrekker socht, mar de man net mear oantroffen. It giet om in neffens de plysje 'negroide' man fan likernôch 1 meter 85.

De man hie in brune jas oan en in learen eskimomûtse mei bûnt en earflappen. De man spruts Nederlânsk mei in bûtenlânsk aksint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)