Roeiers, kajakkers ha it swier

22 des 2013 - 12:04
  • De start fan de roeimaraton
  • Kanofarre foar Serious Request
  • De alvestêderoeiers ûnderweis yn Sleat

Ofsjen foar Serious Request. Sa kinne je de ferskate roei- en kajaktochten foar de aksje omskriuwe. De kajakkers en sloeproeiers dy't dit wykein de alvestêdetocht ôflizze hawwe it hiel swier. By de kajakkers is al ien dielnimmer, de iennichste frou yn it selskip, ôfheakke. De kajakkers rinne sân oeren achter op it skema.

De sloeproeiers rekken sneontejûn it paad bjuster op De Moarre. De sloeproeiers hiene in bytsje fertraging en binne no tusken Warkum en Boalsert. De kajakkers binne op wei nei Harns.

Wer in oare tocht mei skifs is ôfrûn. Dy hat mar leaufst 53.000 euro opbrocht. De tocht mei 220 dielnimmers einige sneintemoarn. De cheque is yntusken oanbean oan de dj's yn it Glêzen Hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)