Wiegel wol 'tuskenformaasje'

22 des 2013 - 11:48

Ald-kommissaris fan de keninginne Wiegel fynt dat der in tuskenformaasje komme moat, wêrby't opposysjepartijen D66, ChristenUnie en SGP de kâns krije om oan te skowen yn it sittende kabinet fan VVD en PvdA. Wiegel die syn oprop snein yn tv-programma WNL op Zondag. Wiegel fynt dat in stabile mearderheid yn de Earste Keamer fan grut belang is. Sa'n tuskenformaasje soe dêrfoar soargje kinne.

Sûnder tuskenformaasje wurdt 2014 in polityk ûnrêstich jier, tinkt Wiegel, omdat der ek ferkiezings binne foar gemeenteried en Europeesk parlemint.

As dy ferkiezings min útpakke foar VVD en PvdA soarget dat foar 'polityk gedonder', tinkt Wiegel. De âld-minister en âld-senator fynt dat Rutte en Samsom by de formaasje 'minder soarchfâldich' hannele hawwe, troch doe net al fuortendaliks te soargjen foar in mearderheid yn de senaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)