LDODK jout winst út hannen

22 des 2013 - 11:26
  • Trainer Jan Sjoerd Pool jout oanwizings

De kuorballers fan LDODK ha sneon in riante kâns op in oerwinning yn de kuorbal league lizze litten. Yn de útwedstriid tsjin OVVO út Maarssen wienen de Gordyksters oant healwei de twadde helte oppermachtich, mar úteinlik mocht de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool noch bliid wêze mei in lykspul: 16-16. LDODK stie by it skoft mei 12-8 foar en wreide dy foarsprong út nei 14-9. Dêrnei koene se net in bal mear troch de koer krije, wylst OVVO de geast krige.

Flak foar tiid kaam de thúsploech sels op 16-15. André Zwart makke de lykmakker.

Troch dit lykspul komme beide ploegen op fjouwer punten út acht wedstriden. LDODK en OVVO steane op it dield achtste plak yn de kuorbal league. Oan de ein fan it seizoen spilet de nûmer 9 promoasje/degradaasje duels, it achtste plak is dan feilich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)