Serious Record is helle

22 des 2013 - 09:44
  • De band Nothing spile tolve kear foar Serious Record
  • De klok fan Serious Record yn teater Romein
  • Sneontejûn om 12.00 oere waard it rekôr brutsen

De Fryske muzikanten dy't 15 dagen lang non-stop optreden ha yn ûnder oaren Teater Romein yn Ljouwert hawwe harren rekôr helle. Under de namme Serious Record besochten se it rekôr fan it langste optreden ea te ferbrekken en dat is slagge. 363 oeren hawwe ferskate bands achterinoar trochspile. It eardere rekôr stie op namme fan in Amerikaanske bar. Dêr waard 360 oeren lang spile.

It rekôr fan Ljouwert moat noch wol goedkard wurde. De opbringst giet fansels nei Serious Request. Hoefolle it opbrocht, wurdt yn de rin fan de dei dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)