Tredde winst Arjan Stroetinga

21 des 2013 - 23:48

Arjan Stroetinga wie yn Breda foar de tredde kear dit seizoen de bêste op de maraton. De Waskemarder wûn de alfde cupwedstriid troch de sprint fan de fyftjin man sterke kopgroep te winnen.Sjoerd Huisman waard twadde, de Frânsman Alexis Contin - ploechmaat fan Stroetinga - tredde.

By de froulju gong de winst nei de Italiaanse Francesca Lollobrigida, foar Janneke Ensing en Irene Schouten. Bêste Friezinne wie Maria Sterk op it sechsde plak. Elma de Vries waard sânde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)