Banen foar 190 'talinten'

Provinsjehûs Ljouwert © Omrop Fryslân
Mei subsydzjeprogramma Talint foar Fryslân kinne takom jier 190 krekt-ôfstudearren oan it wurk. De provinsje Fryslân is ferantwurdlik foar it jild. De wurkjouwers krije in fergoeding en dêrfan kinne se in saneamde trainee betelje om 32 oere yn 'e wike te wurkjen. De measte wurkplakken binne foar mbo-ers, sa'n 105.
Ek kinne 55 hbo-ers en 15 minsken mei in diploma fan de universiteit oan it wurk. De oare 15 wurkplakken binne by de provinsje sels.