Jild foar mear bunders seegers

It Waadfûns stekt goed 270.000 euro yn it oanplantsjen fan seegers op it Waad. Mei dat jild kin it tal bunders seegers flink útwreide wurde. Yn de ôfrûne twa jier is der seis hektare oanplante en dêr komt no nochris goed fiif by. De trije besteande fjilden wurde grutter makke, mar der komt ek in folslein nij fjild by Teksel. Ek sil der eksperimentearre wurde mei in nije foarm fan seegers.
It oanplantsjen fan it seegers is in projekt fan Rykswettersteat en de Waadferiening. Sy wolle besykje it plantsje definityf werom te bringen.