Krystpakketten nei foedselbank

21 des 2013 - 12:34

Der binne al tsientallen krystpakketten binnenkaam by de foedselbank fan Snits en Heech. Dat seit bestjoerslid Fenna de Haan. De foedselbank dêr is mei in aksje begûn wêrby't krystpakketten ynlevere wurde kinne foar minsken dy't it dreech hawwe. Minsken dy't wol in pakket fuortjaan wolle, kinne dy no sneon en nije wike sneon ôfstean. Fenna de Haan seit dat de aksje tige goed rint.

Mei-inoar binne der goed twahûndert persoanen dy't gebrûk meitsje fan de foedselbank fan Snits en Heech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)