Non-stop beton stoarten

Yn it sintrum fan Ljouwert is boubedriuw Heijmans sneontemoarn al 24 oeren dwaande mei it stoarten fan beton. It beton wurdt, sûnder ûnderbrekking, stoarten yn de nije parkeargaraazje dy't komt oan de Oosterstraat, flakby it provinsjehûs. Dêr komme 250 parkearplakken. Yn totaal komme der goed 400 betonauto's oan te pas.
It op dizze wize oanbringen fan beton is noch nea earder dien yn Ljouwert. Yn totaal duorret it stoarten fan beton 48 oeren. Sneintemoarn moat alles klear wêze.