Gerrie tredde yn finale TVOH

20 des 2013 - 22:53

Gerrie Dantuma fan Stiens is tredde wurden by it televyzjeprogramma 'The Voice of Holland'. Yn 'e finale song de 29-jierrige sjongeres de nûmers 'Crazy' en har single 'Beneath your beautiful'. Se krige entûsjaste reaksjes fan alle coaches. Ek song Gerrie noch in duet mei Sharon Doorson, dy't it yn it twadde seizoen fan The Voice ferlear fan Iris Kroes fan Drachten.

Gerrie stie yn 'e tuskenstân hieltyd op it twadde plak, mar by de twadde eliminaasjeronde krige de sjongeres dochs minder stimmen as Mitchell Brunings en Julia van der Toorn.

Coach Marco Borsato fûn dat Gerrie straalde op it poadium. Julia van der Toorn krige úteinlik de measte stimmen en mei har 'The Voice of Holland' fan 2013 neame.

Trefwurden: 
TVOH Gerrie Dantuma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)