Ekstra tribune 'Faderpaard'

Frysk Hynder
Foar de útfiering fan it teaterstik 'Faderpaad' wurdt yn it WTC Expo yn Ljouwert noch in ekstra tribune boud. Dit wurdt dien om't de foarferkeap fan kaarten goed rint. Op tongersdei 9 jannewaris 2014 is de premjêre en de freed dêrnei wurdt it nochris opfierd. Reden foar de spektakelsjo is it 135-jierrich bestean fan it Frysk Hynstestamboek. Neist akteurs en ruters dogge der ek 100 Fryske hynders oan mei. Foar beide foarstellings binne noch kaarten te keap.