Wynmûnen boppe Skier en Amelân

20 des 2013 - 17:29

It kabinet hat in gebiet boppe Skiermûntseach en It Amelân oanwiisd as geskikt foar de komst fan 1200 megawatt oan wynmûnen. Dat stiet yn de ûntwerp 'Struktuerfyzje Wynenerzjy op See' fan it Ryk. Op grûn fan it beskikbere kaartmateriaal liket it om in lokaasje te gean dy't rûchwei 50 kilometer boppe de eilannen leit.

Fan 10 jannewaris 2014 ôf kinne minsken hjir op ynsprekke. Goed in healjier dêrnei nimt it kabinet in definityf beslút. Begjin takom jier moat ek dúdlik wêze oft der romte komt foar wynmûnen tichteby de Waadeilannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)