Undersyk boarje nei hyt wetter

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Minister Kamp fan Ekonomyske Saken hat enerzjybedriuw Transmark Renewables út Amsterdam tastimming jûn om yn Fryslân it boarjen nei hyt wetter te ûndersykjen. Kamp antwurdet dit op keamerfragen fan it keamerlid Stientje van Veldhoven fan D66. De tastimming jildt net allinnich foar Fryslân mar ek foar Grinslân, Oerisel en Noord-Brabân.
De minister seit wol dat it oer in opspoaringsfergunning giet. De tastimming jout dit bedriuw it allinnerjocht om hjirmei oan de slach te gean. Foar proefboarrings moatte mear fergunnings oanfrege wurde.
Transmark Renewables wol yn Fryslân op 4 kilometer djipte boarje. It bedriuw past dizze technyk al ta yn Turkije en Sily en wol no witte oft it ek yn Fryslân mooglik is om ierdwarmte op grutte djipte nei boppe te heljen. It ûndersyk nei de mooglikheden sil sa'n trije jier yn beslach nimme.