Nij kolleezje Hearrenfean

20 des 2013 - 17:14
  • Kolleezje Hearrenfean

De gemeente Hearrenfean hat in nij kolleezje. PvdA, CDA en de VVD sil de kommende fjouwer jier besykje de finânsjes fan de gemeente wer op de rit te krijen. Fierder sil alles op alles set wurde om de de taken dy't it Ryk ôfstjitten hat nei de gemeenten goed troch te fieren.

Ien fan dy taken is de jeugdsoarch. De nije wethâlder Hans Broekhuizen fan it CDA is dêr ferantwurdlik foar. Njonken Coby van der Laan fan de PvdA komt ek wethâlder Siebren Siebenga (VVD) werom yn it kolleezje. De oare wethâlder is Jelle Zoetendal, hy is fan de PvdA.

De gemeente Hearrenfean is as earste fan de trije fúzjegemeenten klear mei de kolleezjefoarming. Yn De Fryske Marren en Ljouwert moast earder stimd wurde yn ferbân mei de weryndieling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)