Boarnsterhim slút klantebaly

20 des 2013 - 17:10
  • De lêste dei foar de klantebaly fan Boarnsterhim

De klantebaly fan de gemeente Boarnsterhim yn Grou hat freedtemoarn foar it lêst iepen west. Oer in dikke wike bestiet de gemeente net mear om't dy nei de weryndieling ferparte wurdt oer Hearrenfean, de Fryske Marren, Súdwest-Fryslân en Ljouwert.

De measte klanten kamen freed noch in identiteitsbewiis of paspoort opheljen. Dêrnei namen de balymeiwurkers ôfskie fan elkoar. Want net elkenien komt by deselde gemeente te wurkjen. Op 7 jannewaris is it publyk wer wolkom, mar dan wurde se holpen troch amtners fan de gemeente Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)