Gjin Fryske bouwers Nij Thialf

20 des 2013 - 16:55

It nije Thialf sil sa't it no liket net troch in Frysk bedriuw boud wurde. Freed waard bekend dat Ballast Nedam út Nieuwegein de oanbesteging wûn hat. In Frysk konsortium beteande út boubedriuw fan Van Wijnen út De Gordyk en Friso út Snits, it yngenieursbureau Oranjewoud fan It Hearrenfean en Alynea Architecten hie de hannen ynienslein, mar waard net útkeazen.

Yn in earste reaksje seit deputearre Hans Konst dat hy it spitich fynt dat de Fryske bedriuwen ferlern hawwe, mar dat se dus net skerp genôch wiene yn de kosten.

Ballast Nedam wol gjin reaksje jaan op de gunning om't dy noch foarlopich is. De provinsje Fryslân hat 50 miljoen útlutsen foar de bou fan it nije Thialf. Fan 'e wike kaam it berjocht dat de provinsje de stipe ferliene mocht en dat der gjin sprake wie fan steatsstipe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)