Sjippebel-rekôr slagge

20 des 2013 - 16:48

It rekôr 'mei in hiel soad minsken yn in sjippebel stean' is freed ferbettere yn Ljouwert. Rom 200 minsken stienen middeis yn it WTC yn in reuseftige sjippebel. Dêrmei is it foarige rekôr, dat op 181 minsken stie, ferbettere.

De organisaasje fan NHL Hegeskoalle hie al wat tsjinslagen. Earst wiene der net genôch minsken en eefkes letter wurke de sjippebel net mei. Uteinlik slagge it krekt nei trije oere dochs om it rekôr te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)