Noch gjin problemen by SR 2013

20 des 2013 - 16:24
  • De plysje hâldt tasicht op it Saailân
  • De Doelesteech yn Ljouwert

It evenemint Serious Request yn it sintrum fan Ljouwert ferrint oant no ta sûnder problemen. Dat seit crowdmanager Grethe Faber fan de gemeente Ljouwert. Mei help fan kamera's en minsken op strjitte wurde de tûzenen besikers folge yn in spesjaal ynrjochte kommandopost op it stedskantoar.

Yn dy post wurde alle kamerabylden besjoen en wurde ek alle meldingen oer it evenemint behannele. Dêrtroch kin, as dat nedich is, hiel gau yngrepen wurde. De gemeente riedt besikers wol oan om mei mei it iepenbier ferfier nei de binnenstêd te kommen.

De gemeente hâldt der bygelyks rekken mei dat it nedich wêze kin om ienrjochtingsferkear yn te stellen yn de Doelesteech yn it sintrum, mar sels dat wie oant no ta net nedich. Freedtemiddei wiene koart alle parkeargaraazjes fol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)