Ljouwert krijt útkearingsjild

Jild
De gemeente Ljouwert krijt fan it Ryk foar ien kear in bydrage fan 4,3 miljoen euro foar it útbeteljen fan bystânsútkearings. Yn 2012 hie Ljouwert in tekoart fan hast 10 miljoen euro op de útkearings om't it tal oanfragen ûnferwacht flink tanaam. Yn sa'n situaasje kin de gemeente it Ryk freegje om ekstra jild.
Ljouwert hat goed 4 miljoen euro krigen om't it giet om in bysûndere sitewaasje. Wol sil de gemeente ekstra goed sjen oft minsken wol as net terjochte in bystânsútkearing krije.