Maria wer mei bern op strjitte

Mem Maria Bons (de bern woene net op de foto) © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Mem Maria Bons en har seis bern steane op 'e nij op strjitte. Bons siet by famylje yn it suden fan it lân yn hûs, mar doe't se harsels en de bern ynskreaun hie by de gemeente, oardiele dy dat der tefolle minsken op itselde adres wennen. De brânfeiligens kaam dêrtroch yn gefaar.
Dêrom hat Bons har wer útskreaun, wat betsjut dat se no gjin offisjeel wenplak mear hat. Se hat de twa jongste bern ûnderbrocht by famylje en besiket om ek de oare bern by famylje ûnder te bringen.
Ferline wike waard Maria Bons mei har seis bern út har hûs yn Ljouwert setten. It hûs wie ûnbewenber ferklearre. Se hat doe mei har bern ien nacht yn krisisopfang De Terp sliept.