Auto stellen fan pechplak

20 des 2013 - 13:44
  • Plysje 0900-8844

De plysje siket tsjûgen dy't mear witte oer it stellen fan in Volkswagen Transporter bestelauto yn Wynjewâld. De bestelauto waard ôfrûne woansdei tusken healwei achten moarns en healwei fjouweren middeis stellen fan in pechplak oan de N381 yn Wynjewâld. De auto wie der delset om't de eigener net fierder koe fanwege in motorsteuring.

De plysje is op syk nei minsken dy't dy deis wat fertochts sjoen hawwe. Tsjûgen kinne kontakt opnimme troch te beljen mei 0900 8844 of fia Meld Misdaad Anoniem op 0800 7000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)