Christovao yn basis Cambuur

Alexander Christovao begjint sneon yn de basis by Cambuur. De Ljouwerters spylje de belangrike útwedstriid tsjin NAC Breda. Christovao spilet foar Marcel Ritzmaier, dy't skorst is. Spits Michiel Hemmen begjint ek yn de basis. Hy hat de lêste training fan freed goed trochstien en hy kin spylje.
Cambuur begûn it aventoer yn de earedivisie yn augustus mei in 0-0 lykspul tsjin NAC Breda. Om by te bliuwen moatte de Ljouwerters eins winne fan NAC. Cambuur hat oant no ta yn in útwedstriid noch gjin oerwinning byskriuwe kinnen.