Tiid dringt foar Oerolsyktocht

De tiid dringt foar Oerol op Skylge om in nij festivalterrein te finen. Oerol kin takom jier gjin gebrûk mear meitsje fan de Westerkeyn by Formearum, om't dêr rekreaasjewenten boud wurde sille. By it Geitepark by Midslân binne de omwenners benaud foar oerlêst.
Der is noch ien geskikte opsje oer: de greiden by Camping Terpstra by Midslân. Nei de jierwiksel wurde de omwenners heard. Mocht ek dizze opsje mislearje, dan binne der eins net safolle goede opsjes mear oer. Oerol sûnder festivalterrein is net in opsje, sa fynt de organisaasje.
De organisaasje is yn petear mei Steatsboskbehear om in festivalterrein te finen dat foar in lange tiid sûnder problemen brûkt wurde kin.