Omrop nimt Froeks.TV oer

Omrop Fryslân nimt per 1 jannewaris 2014 de jongereinstjoerder Froeks.TV oer. Dat docht de omrop yn gearwurking mei it Friesland College en hegeskoalle NHL. De takomst fan de Fryske online jongereinstjoerder is hjirmei garandearre. Froeks.TV wie yn hannen fan twa Ljouwerter kommunikaasjeburo's.
De ûnderwiisynstellngs en Omrop Fryslân fine it fan belang dat der in Frysktalige online jongereinstjoerder bestean bliuwt yn Fryslân en sette it inisjatyf troch yn 'e foarm fan in 'Wurkatelier'.
Froeks.TV bestiet sûnt 2007.
Froeks.TV ferbynt jongerein, kultuer en Fryske taal mei in ynteraktive, online stjoerder. Alle dagen makket in redaksjeteam út 'e Blokhúspoarte yn Ljouwert wei filmkes oer ûnderwerpen dy't ûnder jongeren libje. De stjoerder kaam as bêste út de bus by in priisfraach fan de provinsje om it gebrûk fan de Fryske taal ûnder jongerein te stimulearjen. Froeks.TV krige in subsydzje fan trije jier. Dêrnei is de eksploitaasje oernaam troch it Friesland College.
Omrop Fryslân-direkteur Jan Koster fynt dat Froeks.TV goed past yn de hjoeddeistige ûntwikkelings by de omrop: "Ynternet en jongerein bepale de takomst. Omrop Fryslân wol graach mear jongerein berikke en dizze oername slút dêr prima by oan. Dat Froeks.TV Frysktalich is, is foar ús fansels ek tige wichtich."