Mear jild foar foedselbanken

Foedselbank
De foedselbanken fan Ferwerderadiel en Ljouwerteradiel krije in ekstra subsydzje fan 16.000 euro. It jild is bestimd foar bern dy't op of ûnder it minimum libje. De foedselbank sjocht per gesin wêr't behoefte oan is. Dat kin bygelyks in kompjûter wêze om húswurk op te meitsjen of in abonnemint op in sportklup.
It jild dat de gemeenten beskikber stelle, komt út in ekstra subsydzjepot fan it Ryk. Dat hat 20 miljoen euro útlutsen foar de bestriding fan earmoede.