Herstel Noorderpoort yn 2014

20 des 2013 - 11:23
  • Muorrebeklaaiïng winkelsintrum Drachten ynstoart
  • Muorrebeklaaiïng winkelsintrum Drachten ynstoart

It herstelwurk oan de ynstoarte muorre fan de Noorderpoort yn Drachten sil yn jannewaris 2014 útein sette. De herstelwurksumheden sille mei-inoar sa'n seis wiken duorje. Dat meldt eigener Hoekstra Vastgoedbeheer. Nei it herstelwurk sil boubedriuw Heijmans de ophingkonstruksjes fan de oare muorren fernije.

Yn juny 2013 kaam de súdgevel nei ûnderen. Ut ûndersyk fan yngenieursburo Boorsma die bliken dat de befestiging fan alle gevels fan it wenwinkelkompleks net doge en ferfongen wurde moatte. By it ynstoarten rekke gjinien ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)