PVV Fryslân 'begrypt' stikker

PVV Fryslân fynt de anty-islamstikkers fan Geert Wilders in 'begryplike aksje'. Wilders presintearre tongersdei stikkers mei Arabyske teksten as 'De islam is in leugen', 'Mohammed is in boef' en 'De koran is gif'. Fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fan PVV Fryslân seit dat Wilders al 9 jier bedrige wurdt en dat dizze stikkeraksje dêr in antwurd op is.
Van der Galiën mient dat de stikker net sjoen wurde moat as in oprop ta geweld. Hy sjocht it as in wize om gefoelens by minsken los te meitsjen, sadat it fraachstik wer op tafel komt.
PVV Fryslân hat sels noch gjin stikkers besteld en is ek net fan doel dy yn de provinsje te fersprieden.