Ald guod Boarnsterhim ferkocht

De wurknimmers fan de gemeente Boarnsterhim hawwe yn in wike tiid hast 3800 euro byelkoar sammele troch âld guod út it gemeentehûs te ferkeapjen. It jild giet nei Serious Request. It gemeentehûs fan Boarnsterhim giet nei freed ticht om't de gemeente op 1 jannewarris ophâldt te bestean. De nije eigener, de FUMO, naam net alle ynboel oer. Alles wat stean bleau, is yn de ôfrûne wike ferkocht.