NK koartebaan yn Assendelft

03 feb 2012 - 11:08

It Nederlânsk kampioenskip koartebaan op natoeriis foar manlju wurdt takom moandei hâlden yn Assendelft. De wedstriid begjint om healwei sânen.

Twafâldich Frysk kampioen en regearjend Nederlânsk kampioen koartebaan Jesper Hospes fan It Hearrenfean hat tastimming fan syn trainer Gerard van Velde om oan it NK yn Noard-Hollân mei te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)