'Rûnwei' by De Westereen

Dantumadiel hat besletten om in westlike 'rûnwei' by De Westereen oan te lizzen. Automobilisten dy't út it easten weikomme, wurde aanst oer de eastlike rûnwei, de Yndustriewei en de Lange Reed stjoerd. De dyk slút dan oan op de Sintrale As.
Mei dizze maatregels hopet de gemeente dat minder minsken troch it sintrum fan De Westereen en oer de Foarstrjitte ride sille.