Kolleezjemaraton VHL foar SR

20 des 2013 - 07:19

Studinten, dosinten, meiwurkers, mar ek famylje en freonen sitte freedtemoarn foar de lêste oerkes yn de kolleezjebanken. Op hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert wurdt in kolleezjemaraton fan 24 oeren hâlden foar it Glêzen Hûs. Fan tongersdeitemoarn 11 oere oant freedtemoarn 11 oere krije de dielnimmers les oer allerhanne ûnderwerpen: de moard op JFK, BSE, kij, skjinne energzy yn Fryslân, seks op see en skjin drinkwetter.

Wa't de kolleezjes bywenje wol, moat in bydrage foar Serious Request betelje.

It kolleezje 'Sex and the sea' om 3 oere nachts luts de measte belangstelling. Ien studinte, Maria, hat 24 oeren lang alle kolleezjes bywenne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)