SUN hâldt op yn gemeenten

19 des 2013 - 20:55

De bewenners fan tsien Fryske gemeenten wurde nei 1 jannewaris net mear holpen troch de Stichting Urgente Noden Fryslân. SUN Fryslân is in private ynstelling, dy't stipe wurdt troch oerheden, tsjerken en oare organisaasjes. It giet om akute needhelp foar minsken, dy't yn finansjele swierrichheden sitte en regelingen der net yn foarsjen. En dat oantal nimt hieltyd ta. Dit jier binne der al mear as 500 oanfragen.

Ek út gemeenten dy't wegerje om 0,15 per ynwenner te beteljen, wylst der wol oanfragen foar finansjele stipe út dy gemeenten komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)