Diken sniefrij hâlde falt ôf

03 feb 2012 - 11:08

De diken yn it suden fan Fryslân binne better sniefrij te krijen as dy yn it it noarden. Dat seit provinsjale wettersteat. Dy is freed yn hiel Fryslân dwaande de diken skjin te meitsjen. Dat dat yn it noarden better wol, hat te krijen mei de temperatuer fan it weitek. Dy leit flink ûnder it friespunt en dêrtroch plakt de snie mear.

De ferwachting is dat it om in oere as twa ophâldt mei snijen en dat it provinsjale wettersteat dêrnei better slagje sil de diken hielendal skjin te krijen.

De organisaasje ropt automobilisten op harren rydgedrach foarearst noch oan te passen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)