Gjin legale kweek fan himp

19 des 2013 - 18:56

Der komme gjin eksperimenten mei himp yn Ljouwert en Drachten. Minister Opstelten fan Feilichhied en Justysje jout dêrfoar definityf gjin romte. Dat skriuwt hy yn in brief oan de Twadde Keamer. De ferkeap fan soft drugs is no ûnder betingst tastien, mar de ynkeap dêrfan troch de kofjeshops net.

Dêrtroch komt de kweek fan himp hieltyd mear yn kriminele hannen mei alle lokale oerlêst dy't dêr by heart. Dêrom woene yn Fryslân de gemeenten Smellingerlân en Ljouwert in proef útfiere dêr't ek regels mei steld waarden oan de kweek en ynkeap.

Opstelten wiist der op dat soks neffens ynternasjonale ferdragen net kin, al wurdt dat nochris goed tsjin it ljocht hâlden. Boppedat wurdt de measte himp kweekt foar de eksport. By de gemeente Smellingerlân binne sy teloarsteld oer it beslút en fine sy it spitich dat der gjin romte komt foar lokale inisjativen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)