Stynsgeaer fêstset

19 des 2013 - 18:12

De man út Stynsgea dy't oanhâlden is om't hy plysjes bedrige mei in wapen, sit yn elts gefal noch oant âldjiersdei fêst. De 76-jierrige man moast foarige wike foar de rjochter komme foar it ferwaarleazjen fan syn fee. Doe't hy net opdaagjen kaam hat de plysje him ophelle. De man stie se op te wachtsjen mei in wapen yn de buert.

De Stynsgeaer wurdt beskuldige fan it tarieden fan in 'levensdelict' en it besit fan in wapen. De riedkeamer moat op 31 desimber bepale oft de man dan noch langer fêstsitten bliuwe moat.

Trefwurden: 
Stynsgea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)