Omrop-waarman yn Glêzen Hûs

19 des 2013 - 15:46
  • Pyt Paulusma

Omrop Fryslân-waarman Pyt Paulusma sil sneontejûn tusken seis en sân oere it waarberjocht presinteare út it Glêzen Hûs op it Saailân yn Ljouwert wei. Tagelyk mei Pyt meie der noch fiif minsken mei him it Glêzen Hûs yn, dy't dan oan de ein 'Oant Moarn' roppe meie. Minsken kinne dêrfoar jild biede. Dejinge mei it heechste bod mei fjouwer gasten meinimme.

Neffens de waarman is it hiel bysûnder dat minsken biede kinne om yn it Glêzen Hûs te kommen.

Gadingmakkers dy't mei Pyt yn it Glêzen Hûs it waarberjocht presintearje wolle, kinne biede op de feiling fan Serious Request op de webside fan 3FM.

Besjoch hjir de webcam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)