DFM: Húshâldhelp oars regelje

Gemeente De Fryske Marren sil de húshâldlike help yn 2014 oars organisearje. Net de gemeente, mar de soarchoanbieder bepaalt wat nedich is om in húshâlden op peil te hâlden. De Fryske Marren bepaalt yn it foar wa't yn oanmerking komt foar profesjonele help.
Mei de nije wurkwize spilet de gemeente yn op de ferwachte feroarings yn de húshâldlike help, en op de oergong fan de AWBZ nei de gemeenten.