Frivius enerzjy hâldt op

It Fryske enerzjybedriuw Frivius hâldt op te bestean. Dat hat memmebedriuw Eneco de klanten witte litten. Frivius waard yn 2004 oprjochte, doe't de enerzjymerk krekt frijjûn wie en minsken har eigen leveransier kieze koene.
Doel wie doe om merklieder te wurden yn Fryslân. It bedriuw besocht safolle mooglik klanten binnen te heljen troch se yn it Frysk oan te sprekken. Frivius is nea sa grut wurden as de bedoeling wie. Eneco hâldt der dêrom no mei op. Hoefolle Frivius-klanten der krekt binne, wol it memmebedriuw net sizze.