Trekker-apk giet net troch

Der komt gjin ferplichte apk-keuring foar trekkers, alteast net foar it soart trekkers dat boeren meastentiids brûke. Dat is besletten troch de Europeeske Uny.
De mooglike komst fan sa'n keuring soarge foar in soad opskuor by boeren en leanbedriuwen. Neffens Tineke de Vries fan LTO Noard-Fryslân soe de keuring foar ekstra kosten soarge hawwe, wylst de ferkearsfeiligens der net better fan wurdt. Boeren binne tige bliid dat de trekker-apk net trochgiet.