Bouwer nij Thialf freed bekend

19 des 2013 - 12:52
  • In ympresje fan it nije Thialf

Thialf makket freed bekend hokker bedriuw oft it nije iisstadion bouwe mei. De Europeeske Kommisje hat gjin beswier tsjin de liening fan 50 miljoen euro dy't de provinsje jout foar de bou. Dat is woansdei bekend wurden.

Neffens de kommisje is der gjin sprake fan steatsstipe. It giet om in sportakkommodaasje dy't de merk net fersteurt. Mids april moat de bou fan it nije stadion úteinsette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)