Werynrjochting Snits útsteld

De Wetterpoarte yn Snits © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De werynrjochting fan de omkriten fan de Oosterpoortsbrêge yn Snits wurdt mei in lyts jier útsteld oant nei de boufakfakânsje fan takom jier. Dat is dien yn oerlis mei de ûndernimmers út it gebiet. Dy ferwachtsje omsetferlies, as it wurk no begjint.
De kommende moannen sil de gemeente Súdwest-Fryslân mei de ûndernimmers de planning fêststelle. Dy wurdt dêrnei foarlein oan elkenien dy't te krijen hat mei de werynrjochting.