Fytsend famke slim ferwûne

19 des 2013 - 10:28
  • Famke oanriden op fyts yn Frjentsjer

In 17-jierrich famke út in lyts doarp yn Littenseradiel is tongersdeitemoarn slim ferwûne rekke by in ûngelok yn Frjentsjer. It famke stuts op de fyts ynienen de Tsjommerwei oer. In 50-jierrige automobilist ried yn de rjochting Wjelsryp en koe it famke net mear ûntwike.

De traumahelikopter moast deroan te pas komme en dy hat it famke nei it UMCG yn Grins brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)