Syb's Request lâns Alvestêden

Yn it Glêzen Hûs yn Ljouwert it tongersdeitemoarn betiid it startskot jûn foar Syb's Request. Dit is in muzikale Alvestêdetocht fan sjonger Syb van der Ploeg fan De Kast foar it goeie doel fan Serious Request. Op de fyts en de skeelers sil Syb de Alvestêdetocht folbringe. Hy kriget dêrby help fan bygelyks âld-reedrider Rintsje Ritsma en alvestêdetochtwinner Henk Angenent. De dei wurdt jûns ôfsletten mei in optreden fan De Kast op it Saailân by it Glêzen Hûs. De provinsje Fryslân stipet de aksje fan Syb.
It jild foar it goeie doel moat binnen komme troch ûnderweis de Serious Request single 'Schoon' van De Kast te ferkeapjen.