Cambuur út de beker

18 des 2013 - 23:31
  • SC Cambuur

Cambuur is woansdeitejûn útskeakele yn it bekertoernoai. Op eigen fjild gienen de Ljouwerters mei 2-0 ûnderút tsjin FC Utrecht. Yn de 13e minút kaam FC Utrecht op foarsprong troch in eigen goal fan Cambuur keeper Leonard Nienhuis. De bal kaam werom fan de peal, rekke de keeper en ferdwûn yn de goal. Steve de Ridder makke yn de 79e minút dien wurk foar FC Utrecht. Mei in moai skot sette hy de einstân fan 2-0 foar syn ploech op it skoareboerd. It wie yn dizze bekerwedstriid fan Cambuur te faak krekt net. De winst fan Utrecht wie fertsjinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)