H'fean nei penalty's út beker

18 des 2013 - 21:41

SC Hearrenfean hat woansdeitejûn nei in ekstreem spannende wedstriid mei strafskoppen ferlern fan AZ yn de beker. Yanic Wildschut miste de beslissende penalty op 7-6. Earder yn de rige hiene ek Hakim Ziyech fan Hearrenfean en Nemanja Gudelj fan AZ al mist.

De wedstriid wie nei ferlinging einige yn 2-2. Nei 90 minuten stie der 1-1 op it skoareboerd. Ziyech hie yn de 9de minút al skoard, yn de 19de minút makke AZ de 1-1. Yn de ekstra tiid kaam AZ op foarsprong, mar troch in strafskop yn de lêste minút makke Ziyech dochs noch gelyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)